Nije útdaging direkteur Zienn

13 maaie 2014 - 17:50

Nei 22 jier hâldt direkteur Kees van Anken op by Zienn. Meiwurkers krigen twa wike lyn in brief mei dêryn de meidieling. De direkteur wol yn plak fan it saaklike wurk wer mear de praktykkant op. Van Anken sil him mear ynsetten foar de Stichting Zwerfjongeren Nederland, dêr't er no al foarsitter fan is.

Yn de 22 jier dat Van Anken oan it roer stie by Zienn, is de organisaasje útgroeid fan 40 nei mear as 400 meiwurkers, dy't sa'n 2000 kliïnten yn Fryslân, Grinslân en Drinte helpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)