Grutste gehakbal fan 'e wrâld

Gehak © ANP
Slachterij De Skrâns yn Ljouwert wol de grutste gehaktbal fan de wrâld meitsje. De bal gehakt sil goed 630 kilo swier wêze as er de oven yn giet. De wrâldrekôrpgoging fynt plak yn it ramt fan it Schrans Event yn it wykein fan 31 maaie en 1 juny.
It gehakt komt yn in spesjaal makke stielen mal. Dêrnei moat it tritich oeren yn in grutte oven om hielendal gear te wurden. Slachter Johannes Hoekstra wol oanslutend broadsjes gehakt ferkeapje foar it goede doel. It jild giet nei it Ronald McDonaldhûs.
It rekôr stiet op dit stuit op namme fan The Columbus Italian Club út Amearika, dy't in gehaktbal fan goed 503 kilo makke.