Lytse brân yn de De Lawei
Yn skouboarch De Lawei yn Drachten hat tiisdeitemiddei koart in brân west. By de ferbouwurksumheden fan de skouboarch rekke by it fleksen en it laskjen isolaasjemateriaal yn de brân. De brânwacht fan Drachten hie de brân lykwols rap ûnder kontrôle.