Hozny: 'Clip was goeie PR'

De Snitser rapper Hozny is tiisdei oerenlang heard troch de plysje. Yn maart makke er in fideoklip, dêr't Geert Wilders sabeare eksekutearre waard. Wilders en in sympatisante dienen oanjefte.
Hozny seit gjin spyt te hawwen fan de klip. Hy neamt it in goeie PR, dy't syn karriêre bot holpen hat. Wol hat de rapper him soargen makke dat syn fakânsje yn gefaar komme soe at er in pear dagen fêsthâlden wie. Dat is net bard.
It iepenbier ministearje sil no in beslissing nimme moatte oft der in ferfolging efter wei komt.