Blog: Dowetil en in boarne

13 maaie 2014 - 14:33

Op it terrein fan Chateau le Val stiet in dowetille. Net in lyts hokje, mar in toer mei mear as 1000 hokjes. It fertelt wat oer hoe ryk de kastielhear west hat. Per hektare lân mocht hy ien dowepearke ha. Dêr moast de kening tastimming foar jaan. Chateau le Val hie eartiids dus mear as 1000 hektare grûn, no is it noch 5 hektare grut. De Fryske hynders ha in moai plak.

It kastiel hat ek noch in eigen boarne. Doe't Karin en Frans hjir kamen wie dit har drinkwetter en wosken se de klean hjir yn. Hjoed-de-dei wurdt de boarne net mear brûkt, mar it is in prachtich plakje dêr't je even hielendal ta rêst komme.

http://www.chateauleval.com/home.html

Lês hjir it foarige blogberjocht 'Fan in hûs yn Snits, nei in kastiel yn Normandië' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)