Direkteur KH2018 krijt ton

13 maaie 2014 - 12:46

Kulturele Haadstêd 2018 lûkt in ton yn it jier út foar de takomstige direkteur fan de organisaasje. Der wurdt tocht oan in salaris op deputearre nivo. Neist in fakatuere foar in direkteur, wurdt der ek socht nei in artistyk direkteur en fiif bestjoersleden.

Alle hjoeddeistige bestjoersleden, lykas Oeds Westerhof en Paul Visschedijk, krije dien, mar kinne wol sollisitearje nei ien fan de betelle funksjes. De totale begrutting foar it barren is 70 miljoen euro. De lieding fan KH 2018 moat yn oktober beneamd wêze.

De topfunksjonarissen krije topsalarissen mar kinne fuortendaliks dien krije as se net foldogge.

Woansdei 21 maaie sil Ljouwert mei in delegaasje nei Brussel om de titel Kulturele Haadstêd 2018 op te heljen. Op dat stuit fergaderet de Ried foar Underwiissaken, Jongerein en Sport. Minister Jet Bussemaker giet mei om ien en oar ta te ljochtsjen en dan sil de foarsitter fan de ried de titel offisjeel ferliene.

Der binne sa'n 150 minsken foar de busreis útnoege, wêrûnder boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Woansdeitemoarn om 07.00 oer sil de bus út Ljouwert wei ôfsette en jûns om tsien oere hopet de delegaasje wer yn Ljouwert werom te wêzen. Iris Kroes en de band Diff sille ûnderweis optrede yn de bussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)