Sven nei Team BrandLoyalty
Reedrider Sven Kramer giet fierder by Team BrandLoyalty. Hy tekenet woansdei in kontrakt foar in jier by de formaasje fan coach Jac Orie. Dat hat de ploech tiisdeitemoarn bekend makke.
Kramer ried de ôfrûne njoggen jier foar TVM, mar dy ploech bestiet net mear. Kramer wurdt ploechgenoat fan Stefan Groothuis en Jan Smeekens.