Man oanriden troch feechwein

13 maaie 2014 - 10:29
  • Feechwein

Yn Snits is moandeitemoarn in man oanriden troch in feechwein. It slachtoffer, in 54-jierrige ynwenner fan Swolle, stie efter de feechwein doe't de bestjoerder efterútried.

Dat barde op de Jousterkade. De man is mei meardere botbreuken en kniezings oerbrocht nei it sikehûs fan Snits. De feechwein waard bestjoerd troch in 27-jierrige ynwenner út De Krim.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)