Fytser oanriden yn Ljouwert

13 maaie 2014 - 10:18

In 17-jierrige jonge út Ljouwert is moandeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de krusing fan de Brandemeer mei de Skrok en it Skrokdam.

De jonge ferliende gjin foarrang oan in 40-jierrige automobilist út Snits, dy't op it krúspunt fan rjochts kaam. De Snitser kaam út de rjochting fan de Gealannen oer de Brandemeer rjochting de krusing.

De fytser is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)