Ynfallen foar wytwaskjen

13 maaie 2014 - 08:32

De plysje en de FIOD binne sûnt tiisdeitemoarn betiid dwaande mei ynfallen yn Ljouwert. Op 13 lokaasjes yn de stêd wurde hûssikings dien. Dat hat neffens de plysje te krijen mei grutskalige wytwaskpraktiken.

Twa haadfertochten, manlju út Ljouwert fan 34 en 47 jier, hiene in útjeftepatroan dat net by har ynkomsten paste. Sy kochten ûnder oare djoere boaten en auto's en hiene meardere hûzen. De manlju wurde fertocht krimineel jild wytwasken te hawwen. De plysje wit noch net krekt oan watfoar kriminele aktiviteiten. Mooglik giet it om drugs.

By in ynfal yn in pân oan de Oostergowei yn Ljouwert is in hennepkwekerij oantroffen. De twa haadfertochten binne oanhâlden. Dat jildt ek foar twa minsken dy't op dat stuit yn de hennepkwekerij oanwêzich wiene.

De plysje wurdt by de aksje holpen troch de lânmacht, dy't spesjalisearre is yn it finen fan ferburgen romten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)