Fytskaart foar De Wâlden

13 maaie 2014 - 07:19

Der is in nije fytskaart makke foar de Noardlike Fryske Wâlden. Dy wurdt tiisdei yn gebrûk naam. Doel is dat toeristen en minsken út de regio mei de kaart yn de hân by de moaiste plakjes yn it gebiet del komme. Ferline jier binne yn de Noardlike Fryske Wâlden by alve plakken picknickbanken pleatst mei ynformaasje oer it gebiet.

Mei de fytskaart is no in ferbining makke tusken dizze plakken. Ek steane op de kaart twa ferhalen fan Dam Jaarsma. It is Dam Jaarsma jier. Jaarsma hat yn syn libben sa'n 17.000 folksferhalen út De Wâlden sammele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)