Tomkeboekje oer de dea

De Stifting Humanistyske Utfeartbegelieding hat tegearre mei de Afûk in Tomke boekje makke oer rouferwurking. It nije tomkeboekje foar pjutten waard moandei presentearre yn it krematoarium fan Goutum yn Ljouwert. It boekje 'Dach leave pake' giet oer de dea fan pake Durk. Tomke leart hjir mei om te gean. Neffens ortopedagooch Francisca Plantinga is it goed om lytse bern by it rouproses te belûken. Pjutten fiele faak dat der wat oan de hân is. It tomkeboekje moat tsjinje as helpmiddel foar gesinnen mei jonge bern.