Blog: Kastielfrou yn Normandië

12 maaie 2014 - 22:32
  • Karin Twijnstra oan it wurk yn de keuken
  • Chateau le Val by jûn
  • Efter dit doarke sliepe wy fannacht (yn de kastieltoer)

Nei fjouwer en in heal oere reizgjen binne we oankommen yn Brix, Normandië. Karin Twijnstra en Frans Tijssen ha hjir Chateau le Val, in moai lyts kastieltsje by it plakje Brix, dêr't se plak ha foar 25 gasten. Njonken ús is der jûn in groep Britske hurdfytsers. We wurde hertlik ûntfongen en skowe oan by it jûnsiten. We meitsje it jûn net te let, moarn prate we fierder mei Karin en Frans.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer Siebrig van der Veen, dûnseres yn it Lido of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)