Gaslek by brân yn Oerterp

By in brân yn in wenning oan de Elzensingel yn Oerterp is moandeitejûn in gaslek ûntstien. De meterkast yn de wenning rekke yn de brân, wêrtroch in gaslieding yn it hûs beskeadige. De bewenners koene op 'e tiid har wenning ferlitte. Der rekke net ien ferwûne. Tsjin healwei alven wie it gaslek wer ticht. Neist de Elzensingel siet ek de Koetsebeiwal yn Oerterp sûnder stroom. Dat wie tsjin healwei tolven wer oplost. De wenning hat troch de brân fikse skea oprûn.