Toanielstik oer earmoede

Op guon basisskoallen yn de provinsje wurdt de kommende wiken it spesjale toanielstik 'En toch zijn we Gelukkig' opfierd oer stille earmoede. It stik is makke en betocht as ôfstudearopdracht fan Sylvana IJsselmuiden fan de oplieding D-drive fan it Friesland College yn Ljouwert. Se wol berikke dat jongeren ek ris stilstean by bern dy't it minder hawwe.
Sylvana IJsselmuiden helle ynspiraasje foar it stik út it tiidskrift 'Linda' dy't guon gesinnen portretearre. De opbringst fan de foarstellings giet nei de Lindafoundation.