Recycling sukses yn Ljouwert

It ynsammeljen fan stikkene elektryske apparaten yn de gemeente Ljouwert is in sukses. De proef rint in heal jier en no al is der mear as 3000 kilo ophelle. It giet om in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert, Omrin, Post NL en Wecycle.
Troch de hiele gemeente steane 27 spesjale bakken ûnder in brievebus, dêr't it stikkene guod yn smiten wurde kin. Dy wurde dan demontearre en opnij ferwurke ta oare produkten. De proef duorret noch in heal jier en dan wurdt besjoen oft it projekt yn it hiele lân tapast wurde kin.