Man dea nei fal fan ôffaloven

21 feb 2012 - 11:52

De man dy't tiisdeitemoarn fan it dak fan de ôffaloven yn Harns foel, is ferstoarn. It giet om in wurknimmer fan in bedriuw dat oan ôffalferwurker Omrin ferbûn is, en net om in wurknimmer fan Omrin.

It is net dúdlik wat er op it dak die. Neffens in wurdfierder fan Omrin hie er dêr neat te sykjen. Gegevens fan it slachtoffer binne fierder noch net bekend makke. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei it bedriuwsûngefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)