Spul yn De Westereen: kopstjit

21 feb 2012 - 11:46

Yn De Westereen hat moandei slaanderij west nei in ferkearsrúzje. Troch noch ûnbekende oarsaak krigen twa autoriders spul op de Broekleane. Ien fan de twa, in Westereender (22), krige in kopstjit fan de oar, dy't dêrnei fuortried.

Syn kenteken waard noteard, mar de plysje hat him noch net oanhâlde kinnen. It slachtoffer moast him behannelje litte troch in dokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)