Weening ûntsnapt oan oanslach

12 maaie 2014 - 16:45
  • Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening is yn Dublin ûntsnapt oan in autobom. De bom stie op skerp en hie ôfgean moatten by de finish fan de tredde etappe yn de Giro d'Italia, dy't de ôfrûne dagen yn Ierlân en Noard-Ierlân ferriden waard. De plysje ûntduts de autobom op tiid, dêrtroch koe in ramp foarkommen wurde. Yn Dublin wiene hûnderttûzenen minsken om te sjen nei de Giro d'Italia. Sportyf sjoen giet it goed mei Pieter Weening. Hy wûn mei syn ploech Orica GreenEdge de earste rit en yn it klassemint stiet er sânde.

Moandei hat it peloton in rêstdei. De koereurs reizgje fan Ierlân nei Itaalje. Dêr begjint de Giro d'Italia tiisdei mei de fjirde etappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)