Oerfal Ljouwert bliuwt riedsel

12 maaie 2014 - 13:57

De plysje hat noch hieltiten gjin idee wat him dit wykein krekt ôfspile hat yn de wenning oan de Koerierstersespel yn Ljouwert. Dêr waard in man troch trije manlju oerfallen en fêstbûn, hy wie earst troch de trije bedrige mei in fjoerwapen. In famyljelid hat de man letter fûn en losmakke.

De plysje hat in oprop dien foar tsjûgen, mar dêr hawwe mar in pear minksen op reagearre. It slachtoffer is nei de oerfal foar behanneling nei it sikehûs brocht. It trio hie in bivakmûtse op en praten Arabysk mei-elkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)