Bern bewust meitsje yn ferkear

Learlingen moatte bewust wêze fan rydgedrach © ANP
Sa'n 900 learlingen fan 14 o/m 17 jier fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân dogge dizze dagen mei oan it ferkearsfeiligensprogramma Road Sense fan de Mercedes Benz Driving Academy. Dat wurdt troch it hiele lân oanbean. Skoallen út ûnder oare Dokkum, De Jouwer en Easterwâlde dogge mei.
By it Verkeers Educatie Centrum yn Drachten wurde sy foaral bewust makke fan har rol as passazjier yn it ferkear. Wat dogge se bygelyks as ien mei drank op achter it stjoer stapt of asosjaal gedrach rydgedrach sjen lit.