Flylân moat ôffal mear skiede

It eilân Flylân kin wol útkomme op 20% minder ôffal. Dat stiet yn in rapport fan in groep ûndersikers fan de Universiteit Twente. De ûndersikers advisearje eilanners en gemeente om sa gau mooglik te begjinnen mei it skieden fan griente, fruit en túnôffal (GFT) en al it oare ôffal. It griene ôffal soe op it eilân bliuwe kinne om kompost fan te meitsjen.
De ûndersikers sjogge ek goede mooglikheden foar in doarpstún foar it produsearjen fan Flylanner griente en fruit.
De ûndersikers dogge ek ferskate oare foarstellen:
- ferbiedt de plestik pûde en promoatsje pûden dy't faker brûkt wurde kinne, dat skeelt in soad ôffal
- ûndersykje it ôffal op brûkber guod en besykje dêr unike - en net al te djoere - Flylanner sûvenirs fan te meitsjen
- lit de skoalbern safolle mooglik 'lunches sûnder ôffal' meinimme. In soad bern op it eilân smite it middeisiten no noch yn de grize ôffalkontener.
- kemping Stortemelk soe begjinne kinne mei in deistige 'ruilmerk', dêr't kampearders dy't iten of drinken oer hawwe mei-inoar ruilje kinne.
Kampearders dy't iten oer hawwe smite dat no noch fuort yn de griene kontener en dat soe eins net moatte.
Op dit stuit giet al it ôffal fan Flylân noch nei de fêste wâl. Gemeente, eilanners en eilanner bedriuwn kinne neffens de ûndersikers in soad jild besparje troch minder ôffal nei de wâl te bringen. De ûndersikers hawwe ek in soad húshâldings én bedriuwen op it eilân ûnderfrege nei harren ideeën oer ôffal. Ut dy ynterviews docht neffens de ûndersikers bliken dat der wol draachflak is op it eilân foar maatregels om minder ôffal te produsearjen.
De gemeente Flylân hat it rapport fan de ûndersikers krigen. De gemeente seit it rapport en alle advizen 'nijsgjirrich' te finen, mar kin op dit stuit noch net ynhâldlik reagearje.