Atelier Herman Brood iepen

It atelier fan Herman Brood is de kommende tiid te sjen yn museum Willem van Haren op It Hearrenfean. It atelier is dêr krekt sa opboud sa't hy it achterlitten hat op de dei fan syn dea, 11 july 2001.
De tentoanstelling is ynrjochte mei wurk fan de rocker, skilder, dichter en auteur. Brood wie in man mei passy en dat is te sjen yn syn figurative en persoanlike keunst. De eksposysje hjit 'Dichtbij Herman Brood' en is te sjen oant 11 july.