Ynbrekkers achterfolge en pakt

12 maaie 2014 - 10:32
  • Plysjeauto

Trije manlju fan 19, 20 en 22 jier út Ljouwert en Wolvegea binne yn de nacht fan snein op moandei oanholden op fertinking fan ynbrekkerij. In tsjûge hie it trio sjoen by in bedriuw oan de Yndustrywei yn Appelskea en belle de plysje.

Dy seach de manlju mei hege snelheid fuortriden yn in auto en sette de achterfolging yn. Yn De Fochtel koene de fertochten oppakt wurde. Yn de auto lei ynbrekkersark en by ien fan de manlju waard ek noch drugs fûn. De trije sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)