Blog: Dûnsje yn it Lido

12 maaie 2014 - 00:32
  • Siebrig krekt foardat se it poadium op moat
  • Siebrig van der Veen
  • Siebrig moat har op sa'n jûn 10 kear ferklaaie

Dûnsje yn it Lido

Dat se mei har grutste passy har jild fertsjinje kin, dat wie har dream, en dat is har slagge. We treffe Siebrig foar it Lido, se is net te missen mei har lange blonde hynstesturt en seker 1,80 m. lang. Op it terras fertelt se ús dat se as famke fan 9 jier al begûn te dûnsjen. Earst yn Snits, letter yn Ljouwert en op har 12de siet se op de MAVO yn Grins omdat se dêr dûnsles ha woe. Alle dagen fan Easthim nei Grins, it jout oan hoe gedreven se wie. Mar foar klassyk ballet is Siebrig te lang. Op oanrieden fan in learares yn Den Haach docht se audysje yn Paris by sawol it Lido as de Moulin Rouge. Se kiest foar it Lido. Yntusken dûnset se dêr 17 jier, 6 dagen yn de wike, twa foarstellings per jûn.

Se jout ús in rûnlieding yn it Lido. Prachtich al dy fearren en kostúms. Dêrnei fertelt se entûstjast oer har baan. Siebrig is 'captain', dat betsjut dat se dy jûn de lieding hat oer de dûnsers. Mei it sminken is se hiel iepen oer it wurk yn it Lido. Neffens har is it topless-dûnsjen net seksy, mar it heart by de koreografy en de styl fan it Lido.
Fannacht wie Siebrig in oere as 3 thús en fan 'e moarn 7 oere is se mem. Soan (6 jier) en dochter (9 jier) moatte nei skoalle. We rinne mei en sjogge yn watfoar moaie wyk se wennet. Under in bakje kofje ha we it oer har drokke libben. Har man is basketbaltrainer en wurket ek middeis en jûns. Fan 'e middei sil se bysliepe, om jûn wer te strielen op it poadium.

Wy stappe yn 'e auto en litte Paris efter ús. Op nei Normandië!

Lês hjir it foarige blogberjocht oer Pietsie Feenstra, dosint film yn Paris of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)