Buske bedarret yn sleat op A7

11 maaie 2014 - 17:56

Op de A7 by Skettens is sneintemiddei in buske fan it talud ôfriden op de Longerhousterdyk en yn de sleat bedarre. De bestjoerster rekke troch noch ûnbekende oarsaak de kontrôle oer de auto kwyt doe't se op it fiadukt boppe de A7 ried. Mooglik rekke it buske yn de slip, sa seit de plysjewurdfierder. De slippartij einige úteinlik yn de sleat.

De fiif bern yn de auto en de bestjoerster kamen mei de skrik frij. Helptsjinsten waarden oproppen, mar blykten net noadich te wêzen.

Trefwurden: 
A7 ferkearsûngelok Skettens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)