Van der Veen wint yn Kimswert

© Henk Bootsma
Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra ha snein de earste frije formaasje haadklasse keatsen fan it seizoen op harren namme skreaun. Yn in reinerich Kimswert wie it trijetal yn de einstriid mei 5-4 en 6-0 te sterk foar Nicole Hempenius, Imke van der Leest en Harmke Siegersma.
It tredde plak gong nei Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra, dy't de striid om de lytse preemje wûnen fan Nieke Wateler, Martine Tiemersma en Geke de Boer.