Europa hâldt fan Tim Douwsma

11 maaie 2014 - 16:56

Sjonger Tim Douwsma út Wynjewâld wit net wat him oerkomt nei syn ferskining sneontejûn op it Eurovisie Songfestival. Minsken út hiel Europa fregen harren ôf wa't dy moaie jongeman is dy't út namme fan Nederlân de punten foar it sjongfestival útdielde.

By it útrikken fan de stimmen fan Nederlân waard twitter massaal oerstjalpt mei leafdebetsjûgings foar Tim Douwsma. 'Who is that hot guy' wie in soad stelde fraach.

Douwsma sels reagearret op Twitter grapjend dat er oerwaget om in Europatoer te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)