Fersoepelje regels molkkwotum

11 maaie 2014 - 16:25
  • Melke

It liket derop dat de molkkwotumregeling foar melkfeehâlders dit jier fersoepele wurdt. Op Europeesk nivo tekenet him in mearderhyd ôf foar sa'n fersoepeling. Dat betsjut dat boeren in minder hege boete, de saneamde superheffing, betelje hoege op tefolle levere molke.

Lânbou-organisaasje LTO freget al in skoft om in soepele oergongsregeling yn de oanrin nei it ôfskaffen fan it kwotum op 1 jannewaris takom jier. As de boeren minder superheffing betelje moatte, is der mear jild foar ynvestearrings yn de oanrin nei in frije merk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)