Winst LDODK, ferlies De Hoeve

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan LDODK wûnen snein mei 22-10 fan Wageningen. De koprinner út De Gordyk hie op eigen fjild in goede start en rûn foar rêst út nei 12-6. Yn de twadde helte wreide LDODK de foarsprong fia 15-8 út nei in romme oerwinning.
De Hoeve ferlear mei 16-17 fan AWDTV. By rêst stie der noch in 8-7 foarsprong op it boerd foar de ploech fan trainer Sake Koelma, mar yn in spannende twadde helte luts De Hoeve úteinlik oan it koartste ein.
Ferlies wie der ek foar Mid Fryslân dat mei 17-14 ûnderút gong by Ons Eibernest. SCO wûn mei 12-10 fan Groen Geel.