FVC ek takom jier haadklasser

De fuotballers fan FVC binne wis fan in plakje yn de haadklasse takom seizoen. De Ljouwerters wûnen snein de Fryske twastriid mei 3-0 fan Snits Wyt Swart en hanthavenje har dêrmei yn de sneinshaadklasse.
Op eigen fjild hienen de Ljouwerters in poerbêste start. Nei 17 minuten sette Ruurd Algra de 1-0 op it boerd. Fiif minuten letter makke Robin Hollander der 2-0 fan. Yn de twadde helte moast it thúspublyk lang wachtsje op de ferlossende treffer. Yn de 71e minút smiet Algra de wedstriid mei syn twadde treffer definityf yn it slot.
FVC komt troch de winst op 33 punten en is dêrmei wis fan liifsbehâld yn de haadklasse. Snits Wyt Swart slút de kompetysje ôf mei 45 punten, goed foar it fjirde plak. De Snitsers kinne har opmeitsje foar neikompetysje.