Algrawei snein alwer iepen

11 maaie 2014 - 15:49

It wurk oan de Hendrik Algrawei om Ljouwert is tolve oeren earder klear as foarôf pland. Snein om 18.00 oere giet de dyk alwer iepen foar it ferkear, wylst ferwachte wie dat it wurk oant 6 oere moandeitemoarn duorje soe.

Dêr waard wurke oan de oansluting fan de besteande rûte op de nije westlike ynfalswei. It ferkear waard wilens omlaat oer de ring fan Ljouwert. Dat de dyk earder iepen kin, komt ûnder oaren omdat it oanbringen fan in deklaach troch de rein útsteld wurde moast.

Neffens de projektlieding is dat net slim, de kommende moannen komt dêr noch wol genôch gelegenheid foar. Ferkear fan de kant fan Harns en Boalsert moat moandei wenne oan in oare rûte. Auto's moatte earst in part fan de nije westlike ynfalswei folgje en dan mei in lus oer de Newtonlaan werom nei de âlde dyk om yn Goutum te kommen.

Om filefoarming op de earste dei foar te kommen wurde sawol moarns as jûns yn de spits ferkearsregelaars ynsetten. It wurk fan dit wykein hearde by de oanlis fan de heak om Ljouwert. Dy moat ein dit jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)