Goedemoed wint FK damjen

11 maaie 2014 - 13:32

Tjalling Goedemoed hat sneon foar de fjirde kear yn syn karriêre it Frysk kampioenskip damjen wûn. Yn in spannende lêste 7e ronde wist Goedemoed konkurrint Klaas Leijenaar mei muoite efter him te hâlden. It tredde plak gie nei Erwin Heslinga fan Ljouwert.

Yn de haadklasse wie de winst foar Sietse Nagel fan Ljouwert mei 10 punten. It twadde plak wie foar stedsgenoat Bernard Post, mei 8 punten. It tredde plak gong nei Menko van Dijk, dy't ek 8 punten hie. Yn in ûnderling duel om it twadde plak wist Post lykwols te winnen fan Van Dijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)