34 miljoen euro nei it Waadfûns

19 sep 2006 - 16:42

It Waadfûns krijt takom jier hast 34 miljoen euro fan it kabinet. Dat stiet yn de begrutting fan it ministearje fan VROM foar 2007. Begjin takom jier kinne de earste subsydzjeoanfragen yntsjinne wurde foar projekten yn it natoergebiet. De kommende 20 jier is der meiinoar 800 miljoen euro beskikber foar de Waadsee.

Yn it Waadfûns sit jild dat bedoeld is as kompinsaasje foar de gaswinning yn it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)