Blog: Fryske fytsmakker yn Paris

Paris lei foar ús en de TomTom bringt ús komfortabel te plak by ús hotel oan 'e Seine. We ha jûn in ôfspraak mei Pietsie Feenstra, mar foar dy tiid kin we noch krekt even nei de Fryske fytsmakker yn Paris, Ralph Bonnema. We fine al gau it paad mei de metro en stappe út by Villiers. Ralph hie in fytsesaak yn Harns en is sûnt twa jier bedriuwslieder by "Holland Bikes" yn Paris. Fytse yn dizze stêd is net sûnder risiko's sa fertelt Ralph. De auto' s binne net wend oan de fytsers. Om wat mear oer syn libben yn Paris te hearren sykje we in terras op. Mei syn frou en soan wennet er yn in appartemint fan 42 kante meter. In grut ferskil mei syn hûs yn Frjentsjer. Krekt as alle minsken yn Paris, dy' t krap bewenne binne, bringe se de frije tiid faak bûten troch: yn it park of op it terras. Hy is ek al wend oan de Frânske wurktiden en kultuer. De saak is iepen oant 19:00 oere, gau nei hûs en dan ite. Moarn krije se freonen op besite en dat bestjut itensiede. Allinnich kofje drinke kin se hjir net, lang tafelje dat heart by de Frânske kultuer. It hûs yn Frjentsjer is ferhierd, mar dat sil ferkocht wurde. Ralph wol graach yn Frankryk bliuwe mar leafst op in oar plak dêr 't wat mear frisse lucht is. Ralph moat wer oan it wurk, wy stappe yn de metro en komme út by de Bastille en ha in ôfspraak op de treppen fan de nije Opera.