Songfestival goed besjoen

11 maaie 2014 - 11:35

Gemiddeld 5 miljoen en somtiden mear as 6 miljoen Nederlanners ha sneon sjoen hoe't Ilse DeLange en Waylon it dienen op it Eurovisie songfestival. Yn gaykafee Mr. Jones yn Ljouwert folgen de gasten it songfestival op in grut skerm.

It waard in dûbele oerwinning foar Nederlânske homo's en homofreonlike minsken. Conchita Wurst, de frou mei burd út Eastenryk wûn en dat waard sjoen as in statement om minsken mei in oare seksulele aard of uterlik te akseptearjen. Boppedat wie it feest om't Ilse en Waylon as The Common Linnets twadde waarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)