Follybalmaraton Reahûs sukses

Follybalmaraton Reahûs © Arnold Burger
De follybalmaraton fan 25 oeren yn Reahûs hat mear as 10.000 euro opsmiten foar berneopfangsintrum Wille yn Snits. De maraton waard fan freed oant en mei sneontejûn hâlden.
It jild is bedoeld foar it organisearjen fan útfanhûzerswykeinen foar bern mei in ferstanlike beheining of ûntwikkelingsefterstân.
Njonken de maraton waard ek in feiling hâlden. Dêrmei waard allinnich al mear as 5000 euro ophelle. Der waard alris earder in follybalmaraton hâlden yn Reahûs, mar dat wie al 25 jier lyn.