Soan bedriget heit mei mes

11 maaie 2014 - 10:50

Yn Bûtenpost is sneintemoarn betiid in man fan 35 jier út Kollum oanhâlden troch de plysje. Hy wurdt der fan fertocht dat hy syn heit yn Bûtenpost slein en bedrige hat.

De twa hiene spul krigen en dêrnei wie de soan yn syn auto útnaaid. Neffens de heit soe hy in mes ophelje. Letter kaam de soan yndied werom by it hûs fan syn heit. Doe woe hy net út syn auto komme.

Mei it nedige geweld is hy úteinlik dochs oanhâlden. De plysje tinkt dat de man ûnder ynfloed wie fan ferdôvjende middels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)