Weening 5e yn klassemint Giro

Pieter Weening © ANP
Hurdfytser Pieter Weening stiet nei de twadde dei fan de Giro d'Italia op it fyfde plak yn it klassemint. Weening wist yn de twadde etappe gjin top 10 klassearring te pakken. De winst gong nei Marcel Kittel, dy't yn de einsprint Nacer Bouhanni foar wist te bliuwen. It tredde plak wie foar Giacomo Nizzolo. In opfallende prestaasje wie der ek foar Maarten Tjallingii, dy't by beide beklimming de rapste wie en dêrmei de bergtrui pakte.
De roze trui bliuwt om de skouders fan in Orica-GreenEdge-fytser, nammentlik Michael Matthews.
It klassemint nei twa dagen:
1. Michael Matthews
2. Luke Durbridge
3. Ivan Santaromita
4. Svein Tuft
5. Pieter Weening
6. Cameron Meijer
7. Rigoberto Uran Uran
8. Gianluca Brambilla
9. Pieter Serry
10. Alessandro Petacchi