Ynbraak yn Ljouwerter bergings

© Omrop Fryslân
Yn de nacht fan snein op moandei is ynbrutsen yn tolve bergings fan wenten oan de Insulindestrjitte yn Ljouwert. Om in oere as trije waard in bewenner wekker fan leven, mar hy seach fierder neat. By de ynbraken is ark en bier stellen.
Troch twa Ljouwerters is oanjefte dien, oare dupearren moatte dat noch dwaan. It is noch net dúdlik wat der mear stellen is. Troch de ynbraken is skea ûntstien oan kezinen en slotten.