Stenden praat oer takomst mûne

10 maaie 2014 - 16:54

Der binne goeie mooglikheden om de oaljemûne fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert wer te renovearjen. Dat ferwachtet Renate Coumou, direkteur fasilitêre tsjinsten by de hegeskoalle. Freedtenacht bruts der brân út by de twahûndert jier âlde oaljemûne oan de Dokkumer Trekwei yn Ljouwert.

Nei dit wykein sil Stenden mei de gemeente Ljouwert en de fersekering yn petear om te sjen hoe't it no fierder moat mei de mûne.

De plysje tinkt dat de brân oanstutsen is. Op dit moment hat it gebou gjin funksje, mar de hegeskoalle hie der wol ferskate plannen foar. Sa waard der bygelyks tocht om it gebou te brûken as tentamenseal. .

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)