Ploumen by wrâldwinkel It Fean

Minister Ploumen fan Untwikkelingsgearwurking hat sneon in besite brocht oan it Hearrenfean. Sy wie der foar it 35-jierrich bestean fan 'Wereld Winkel'. De minister hâlde in taspraak dêr't se de klam lei op it belang fan de wrâldwinkels, ek hjoed-de-dei noch.
De earste wrâldwinkels yn Nederlân kamen yn 1970. Doe waard der foaral kofje en tee ferkocht. De winkel fan it Hearrenfean begong yn 1979, yn in hiele lytse romte. Tsjintwurdich sit dy op in A-lokaasje yn it sintrum en wurde der wol twahûndert ferskillende soarten produkten ferkocht.
Ek wethâlder Coby van der Laan wie sneon by it 35-jierrich bestean fan de winkel. Ut namme fan de gemeente hat sy 350 euro skonken.