Lokaaltsje goed foar toerisme

10 maaie 2014 - 15:55

De boeren yn 'e omkriten fan Dokkum steane net iepen foar petearen oer de plannen foar it Dockumer Lokaaltsje. Dat seit Chris Rijff fan de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij.

Dizze maatskippij wol it âlde spoar by Dokkum nei tsientallen jierren weromhelje, om sa mear toeristen nei Noard-Fryslân te lûken. Boeren binne hjir poer op tsjin om't it spoar dwers troch harren greide komt. Mar der is gjin dialooch mei harren mooglik, fynt Rijff.

Hy is ree om mei de boeren om tafel te gean om oplossings te sykjen. Dat slagget lykwols net, om't de boeren fuort de doar tichtsmite. Neffens Rijff is toerisme de motor fan de ekonomy foar de regio Noard-Fryslân. Just dêrom soe it yn eare werstellen fan it Dockumer Lokaaltsje der sa gau as mooglik komme moatte.

Der binne boppedat genôch subsydzjemooglikheden foar boeren dy't meiwurkje oan dit soart fan plannen, seit Rijff mei klam. Hy wol yn alle gefallen besykje om mei petearen it proses fan grûnûnteigening foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)