ChristenUnie wol Superbus

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat de provinsje de mooglikheden fan 'e superbus fan Wubbo Ockels serieus ûndersiket. In moasje mei dy strekking wurdt woansdei yntsjinne.
Neffens de ChristenUnie binne der kânsen foar de superbus op it trajekt Grins-It Hearrenfean. De superbus soe ûndersocht wurde moatte neist de plannen dy't der binne foar in spoarferbining tusken Grins en It Hearrenfean.
De gearkomste fan provinsjale steaten is woansdei fan 14.00 oere ôf live te folgjen op ús temakanaal www.omroplive.nl.