Beëdiging nasjonale reserve

10 maaie 2014 - 15:33

Op de Breedeplaats yn Frjentsjer binne sneontemiddei sa'n 50 militêren fan de nasjonale reserve beëdige. Yn it bywêzen fan de troepen en de famylje leine sy de eed of de gelofte op it feandel ôf.

De beëdiging wie yn Frjentsjer, om de ynwenners sa yn de kunde te bringen mei de Nasjonale Reserve. De Nasjonale Reserve heard by de lânmacht. De frijwilligers fan it korps hawwe njonken har militêre wurk, ek gewoan in baan yn de boargermaatskippij. Se wurde foaral ynsetten by kalamiteiten.

Ek by de grutte nukleêre top yn Den Haach waarden reservisten ynset. De frijwilligers moatte alle jierren likernôch twahûndert oeren oefenje, foaral yn de jûnsoeren en yn it wykein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)