Utlevering krimineel duo

10 maaie 2014 - 14:23

It kriminele duo Antonio Marcos van der Ploeg fan De Harkema en Enise Bircan wurdt takom wike útlevere oan Nederlân. Dat melde it AD en de LC, dy't kontakt hân hawwe mei it Dútsk iepenbier ministearje. De twa sitte no noch yn in Dútske sel.

Se wurde fêsthâlden salang at de útleveringsproseduere mei Nederlân rint. De twa waarden ein febrewaris oanhâlden yn in hotel yn Schwerte, by Dortmund. Nederlânske en Dútse plysje hienen dagenlang jacht op harren makke. Yn Nederlân hienen se har skuldich makke oan swiere mishanneling en ûntfiering.

AD: Gangsterduo volgende week naar Nederland

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)