Transportsektor fiert aksje

10 maaie 2014 - 13:04

Hûnderten wurknimmers út de transportsektor fiere sneon yn Swolle aksje foar in nije CAO. Ek Fryske sjauffeurs dogge hjiroan mei. De ûnderhannelings oer in nije CAO lizze al in skoft stil.

De wurkjouwers wolle gjin leansferheging jaan, wylst it fakbûn trije prosint ferheging easket. Ek wol it FNV dat der wat dien wurdt oan de ferdringing troch goedkeapere wurknimmers út East-Europa.

Neffens Minke Jansma fan it FNV wurde sneon aksjeplannen betocht dy't de kommende wiken útfierd wurde sille. Yn de transportsektor wurkje goed 140.000 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)