'Oaljemûne mooglik oanstutsen'

10 maaie 2014 - 11:19
  • Bran oaljemûne Dokkumer Trekwei

De plysje giet derfan út dat de brân yn de mûne fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert oanstutsen is. Dat doch bliken út ûndersyk. De plysje siket no tsjûgen fan de brân.

De hegeskoalle hat sneontemoarn stekken om de âlde oaljemûne oan de Dokkumer Trekwei en it pakhûs der njonken delset. Freedtejûn wie der brân yn dat pakhûs en de moleromp. Foaral it pakhûs hat grutte skea oprûn. De moleromp rûn in soad reekskea op. Sawol de mûne as it pakhûs waarden net brûkt. De hegeskoalle hie der pas op langere termyn plannen mei.

Sa waard der tocht oan in meditaasjeromte of in eksamenseal. Earder wiene der ek alris plannen om in hoarekalearbedriuw yn de moleromp ûnder te bringen. De opbou fan de mûne is al mear as hûndert jier lyn fan de seker twahûndert jier âlde mûne ôfhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)