Dyk oerenlang ôfsletten

20 feb 2012 - 23:29

De Hendrik Algrawei by Ljouwert hat moandei oerenlang ôfsletten west troch in ûngelok mei in frachtwein. De sjauffeur kaam mei de wein yn de berm telâne en ried dêrnei in tal meters oer de fangrail. Dêrby rûn de as fan de oanhinger grutte skea op. Troch it ûngelok koe gjin ferkear mear oer de rjochterrydstrook en waard de dyk ôfsletten.

It duorre oeren foardat in bergingsbedriuw de frachtwein fan de dyk hie. Tusken Goutum en Ljouwert-West ûntstie in lange file. It ferkear rjochting Goutum moast in oare rûte kieze.

Om 22.00 oere waard de dyk wer frijjûn.

Trefwurden: 
ûngelok dyk ôfsletten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)