Undersyk nei pont De Burd

Studinten fan de NHL sille ûndersykje of de ponten by Langwar en Grou goedkeaper farre kinne. Beide ponten farre mei diselmotoren en fêste skippers en dat kostet 350.000 euro yn it jier de pont. Dat fine de gemeenten Skarsterlân en Boarnsterhim te djoer.
It ûndersyk wurdt betelle troch beide gemeenten en de provinsje. Moandetejûn mochten de bewenners fan De Burd by Grou meiprate oer goedkeapere alternativen om op it eilân te kommen. Sy kamen mei it foarstel foar in brêge of in tunnel.
De gemeenten en de ûndersikers tinke lykwols mear yn de rjochting fan in mei pont elektromotoaren en sinnepanielen.